Antwurd
Besteat God? Is er bewiis foar it bestean fan God?
Fraach
It bestean fan God kin net wurde oantoand of wêrlein. De Bibel stelt dat wy troch it geloof oanfurdigje moatte dat God besteat: “En sûnder geloof is it ûnmooglik om God te behaagje, omdat iderien dy tot Him komt leauwe moat dat Hy besteat en dat Hy iderien dy ‘t Him earlik syket beleanje sil” (Hebrieuen 11:6). As God dat sa woe, koe Hy simpelwei ferskine en de heule wrâld bewiize dat Er besteat. Mar as Er dat die, dan soe it geloof net needich wêze. “Doe fertelde Jezus him, ‘Meidat do My sjoen hast, hast do leauwd; gesegend binne dejinen dy net sjoen hawwe en toch leauwden’” (Jehannes 20:29).
Doch betsjuttet dat net, dat er heulendal gjin bewis fan it bestean fan God is. De Bibel stelt, “De himmels ferklearje de gloarje fan God; de loften kundigje it wurk fan Syn hânnen ôf. Dei nei dei gjitte se spraak ût; nacht nei nacht kundigje se kennis ôf. Er is gjin spraak of taal wêr de stim net hjeard wurd. Harren stim gjit nei de heule ierde, hun wurd nei de einen fan ‘e wrâld” (Psalm 19:1-4). Besjoch de stjerren, begriip de útgebreidheid fan ‘e ierde, observeerje de mirakels fan ‘e natuer, besjoch de pracht fan in sinne-ûndergong—al dizze dingen wize in Skepper God oan. Lyk as dit noch net genôch wie, is er ek bewiis fan God in ús eigen herten. Ecclesiasten 3:11 stelt dat, “…Hy hat ek ivichheid yn ‘e herten fan minsken set.” Djip yn ús is er de erkenning dat er yts nei dit ljibben en immen nei dizze wrâld is. Wy kinnen dizze kunde yntellektueel ûntkenne, mar God’s oanwêzichheid in ús en rûnom ús is noch stees dúdlik. Tanke oan dit, warskôget de Bibel dat sommigen God’s oanwêzichheid noch stees sille ûntkenne: “De gek seit yn syn hert, ‘Er is gjin God’” (Psalm 14:1). Omdat de mearderheid fan minsken altyd, yn alle kulturen, yn alle beskavingen en op alle kontininten it bestean fan ien of oare God leauwd hawwe, moat er wol wat (of ien) west wêze dat dit geloof feroarsake hat.
Neist de bibelske arguminten foar it bestean fan God, binne der ek logyske arguminten. As earste is der it ontologyske argumint. De populêrste foarm fan it ontologyske argumint brûkt it konsept fan God om it bestean fan God te bewizen. It begjint mei de definysje fan God as “in wêzen dan welke gjin grutere foarsteld kin wurde.” Dan wurd it beargumenteare dat bestean grutter is dan net bestean, en dêrom moat it grutste dat bestjit ek bestean. As God net besteat, dan soe it net it grutste wêze wat foarsteld kin wurde, en dermei sû it de heule definysje fan God tsjinsprekke.
In twadde argument is it teleologyske argumint. It teleologyske argumint stelt dat, omdat de romte sa’n ongelooflyk ontwerp hat, der in goddelik Ontwerper west hat. Bygelyks, as de ierde sels een pear hûndert kilometer mear of minder fan de sinne west hie, soe it libben net mooglik wêze dat we no hawwe. As de eleminten in ús atmosfear sels in pear procinten oars wêze soe, soe hast alles op de ierde ferstjerre. De kâns op in inkele proteïne molecule die tafallich foarmt is 1 yn 10243 (dat is in 10 mei 243 nullen). In inkele cal besteat út miljoenen proteïne molekulen.
In tredde logyske argument foar it bestean fan God wurd it kosmologyske argument neamd. Elk effect moat in oarsaak hawwe. Dizze romte en alles dêryn is in effect. Er moat yts wêze dat feroarsake hat dat alles besteat. Dêrneist, moat er yts ‘unferoarsake’ wêze dat al it oare feroarsake hat. Dat ‘unferoarsake’ is God.
In fjirde argument stjit bekend as it morale argumint. Elke kultuer yn ‘e heule skiednis hat in bepaalde foarm fan wet hân. Iderien hat in gefûl fan goed en ferkeard. Moard, leagje, stele en immoraliteit wurde hast oeral ôfwize. Wêr komt dit besef fan goed en ferkeard wei, as it net fan in heilige God komt?
Ondanks dit alles, fertelt de Bibel ús dat minsken de dúdlike en ûnmiskenbare kennis fan God net akseptearje en leauwe yn plak dêrfan in leagen. Romans 1:25 ferlearet, “Se feroaren de wierhied fan God foar in leagen en oanbaden en tsjinden lykwols dingen mear dan de Skepper – die foar altyd priizige is. Amen.” De bible fertelt ek dat minsken gjin ekskús ha om net yn God te leauwen: “Omdat sinds de skepping fan de wrâld de ûnsichtbere kwaliteiten fan God – Syn iviche krêft en goddelike natuer—dúdlik sjoen binne, begripen binne fan dat wat make is, sadat minksen gjin ekskúses ha” (Romeinen 1:20).
Minsken beweare dat se it bestean fan God net leauwe, omdat it net “wittenskiplik” is of omdat ”er gjin bewiis is”. De wiere reden is dat, as se ien keer tajouwe dat God besteat, dat se dan sels ek ferantwurdlik nei God binne en dat se Syn ferjouwing nedich binne (Romeinen 3:23, 6:23). As God besteat, dan binne wy Him rekkenskip ferskuldige foar ús aksjes. As God net besteat, dan kinne wy doan wat wy wolle sunder dat wy ús soargen hoege te meitsjen dat God ús feroardiele sil. Dat is wérom in protte minsken die it bestean fan God ûntkenne, sterk hechtsje oan de teory fan de naturalistyke evolúsje—it jout harren in alternatyf foar it leauwen yn in God Skepper. God besteat en úteinlik wit iderien dat Hy besteat. It feit dat sommigen sa agressyf probearje om Syn bestean te weerlezen is eigentlik in argument foar Syn bestean.
Hoe witte wy dat God besteat? As Kristenen witte wy dat God besteat, omdat wy deiliks mei Him sprekke. Wy hjearre Him net hearber sprekke, mar wy fiele Syn oanwêzichheid, wy fiele Syn lieding, wy kinne Syn leafde, wy ferlange nei Syn seining. Er binne dingen in ús libben bart die gjin oare útlis ha dan God. God hat ús sa wûnderlik rêde en ús libben sa feroare dat wy net oars kinne dan Syn bestean ta te jaan en te priizgje. Gjin fan dizze arguminten kin immen oertsjûge die ‘t al wegerje hat fan wat dúdlik is. Úteinlik moat God’s bestean troch fertrouwen oanfurdigje wurde (Hebreeuwn 11:6). Fertrouwen yn God is net in blyne sprong yn it tsjuster; it is in feiliche stap yn in goed-ferljochte keamer wêr de grutte mearheid fan ‘e minsken al stean.
English
Besteat God? Is er bewiis foar it bestean fan God?